Cambuur oan kop tredde perioade
SC_Cambuur wûn freed mei 0-2 fan titelkandidaat VVV Venlo. Yn ´e earste helte foel it fuotbaljend ôf, mar nei in wiksel krige Cambuur grip op de wedstriid. De nije spits Melvin_Holwijn iepene yn ´e twadde helte de skoare. Hy stie kâld twa minuten yn it fjild en rûne in prima oanfal koelbloedich ôf.
Letter makke Jamal_Akachar 0-2. Troch dizze winst stiet Cambuur no allinnich boppe-oan yn de tredde perioade en njoggende op de ranglist.
Trefwurden:
argyf