Nije lesmetoade Biltsk

25 feb 2005 - 15:37

Yn Aldebiltsyl is tongersdei de nije lesmetoade Biltsk foar it basisûnderwiis presentearre troch de 'Kemissy Meertalighied'. De lesmetoade is bedoeld foar de earste fjouwer groepen fan it basisûnderwiis. Oant no ta wie der foar har noch gjin lesmateriaal yn it Biltsk.

Mei elkoar is der twa jier wurke oan it projekt. Alle 15 basisskoallen yn it Bilt sille de nije metoade brûke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)