'Befolking Noarden moat tanimme'

25 feb 2005 - 15:03

De befolking yn de trije noardlike provinsjes moat mei 50 prosint tanimme. Dat fynt direkteur Migchelbrink fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij. Op dit stuit wennet 10 prosint fan de befolking fan Nederlân yn de noardlike provinsjes. Dat moat 15 prosint wurde.

Har komst soe de noardlike ekonomy in soad goed dwaan, tinkt Migchelbrink. De nije Friezen, Drinten en Grinslanners soene foar it grutste part út de Rânestêd komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)