Sjips Frysk bedriuw bekroand

© Omrop Fryslân
It bedriuw FZ OrganicFood út Wolvegea hat tongersdei yn it Dútske Neurenberg in wichtige priis wûn mei syn biologyske sjips. De priis is útrikt troch de Dútse minister fan Lânbou Kunast, op de grutste biologyske beurs fan de wrâld.
De biologyske sjips binne keazen ta it bêste natuerlike iten. It giet om sjips dy't folslein yn olive-oalje bakt binne. Se binne meast te keap by spesjaal-saken.