Vermaning hellet karavan fuort

© Omrop Fryslân
Hilbert Vermaning fan Boalsert is tongersdeitemiddei mei syn karavan by de Warkumertrekwei weigien. De rjochter hie bepaald dat de gemeente de karavan der weihelje mocht, at Vermaning dat sels net dwaan soe.
De gemeente hat al jierren in konflikt mei de famylje Vermaning oer it steanplak fan de karavan. Boalsert seit dat de grûn in agraryske bestemming hat. Vermaning hie de grûn yntusken wol kocht, mar is no dochs fuortgien.