Dales yn 't spier foar Atoglas

25 feb 2005 - 09:42

It gemeentebestjoer fan Ljouwert sil him aktyf ynsette om it keunstoffabryk fan Atoglas iepen te hâlden. Dat sei boargemaster Dales tongersdei, neidat er in petysje yn ûntfangst naam hie fan it personiel.

Atoglas wurdt bedrige mei sluting. De direksje wol de produksje ferpleatse nei Frankryk. De 130 wurknimmers binne sûnt woansdei seis oere yn staking. Dales sil by de direksje besykje om Atoglas yn Ljouwert iepen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)