Trije kear oer de kop op A7

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige automobiliste út Snits is tongersdei ferwûne rekke troch in ûngelok op de A7. Se helle mei hege snelheid in oare auto yn, rekke yn 'e slip en botste dêrnei tsjin de fangrail.
Dêrnei skeat de auto oer de wei yn de rjochterbjirm. De auto sloech trije kear oer de kop en bedarre doe yn de sleat. De bestjoerster is mei pine yn de nekke nei it sikehûs ta brocht.