Gemeente wol jild bewenners sjen

24 feb 2005 - 15:18

De bewenners fan de Drachtster wenwyk It Hout hawwe in moanne de tiid om goed 22.000 euro te beteljen oan de gemeente Smellingerlân. Oars stapt dy nei de rjochter.

It jild is bedoeld as bijdrage foar in lûdswâl. Dy is der kommen op fersyk fan de bewenners, op betingst dat dy ek meibetelje soene. De bewenners fine lykwols dat der net foldien is oan alle ôfspraken. Sa wie de wâl neffens harren te let klear en sit der in bocht yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)