Ungelokken troch glêdens

© Omrop Fryslân
Yn Damwâld is woansdei in man (23) út dat plak ferwûne rekke by in oanriding. Hy slipte mei syn auto en botste op de auto fan in 44-jierrige frou út Driezum. De Damwâldster moast nei it sikehûs, mar koe nei behanneling wer nei hûs ta.
Op de Harkema wie ek in ûngelok troch de glêdens. Op de Kamminghastrjitte gie in 36-jierrige bromfytser ûnderút. De man is mei pine yn 'e nekke nei it sikehûs yn Drachten brocht.