Winners fotowedstriid Gea bekend
Yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum organisearre it Fryske Gea in fotowedstriid rûnom it tema 'Natuerlik foar elkenien'. By de feestlike jubileumgearkomste woansdei yn de Harmonie yn Ljouwert waarden de winners bekend makke.
Yn de kategory 'Minsk en natuer' wie de winner D. Wynia, yn de kategory 'Makrofotografy' wie dat S. Hogerhuis en by 'Skientme fan it ljocht' wûn O. Hiemstra.
Trefwurden:
argyf