Koartingsaksjes by De Friesland

© Omrop Fryslân
Soarchfersekerder De Friesland wol mei koartingsaksjes de sûnens fan de fersekerden befoarderje. De Friesland jout syn fersekerden bygelyks 12,5% koarting op de Flexitax. Dat is in nij systeem foar sikeferfier en mobiliteitsproblemen.
De soarchfersekerder wol yn de takomst mear fan dit soart dingen regelje, lykas spesjaal bestek foar minsken mei reuma. De preemje foar de fersekerden giet dêrtroch net omheech.