Fryske seediken moatte better

© Omrop Fryslân
De Fryske diken moatte foar njoggentich miljoen euro opknapt wurde, fynt it Wetterskip Fryslân. De diken binne feiliger as ea, mar oan de easken fan it ryk foldogge se noch net. It Wetterskip Fryslân hat de 170 kilometer Waadsee- en Iselmardyk ynspektearre. Se moatte foldwaan oan de lanlike Wet Waterkering. Foaral de diken dy't mei balstiennen belein binne, binne net feilich genôch. Ek guon stikken asfalt binne min.