Handikapten by Halbertsma

23 feb 2005 - 15:41
Foto: Omrop Fryslân

Houtfabryk Halbertsma Pallets yn Grou en handikapte-organisaasje Talant krije stipe fan de provinsje. Se wurkje mei inoar gear en krije dêrom hûnderttûzen euro. Doel is âlderen en ferstanlik handikapten oan in baan te helpen.

Tsien ferstanlik handikapten fan Talant sille mei twa begelieders en acht âldere meiwurkers fan Halbertsma gearwurkje. Se sette in eigen ôfdieling houtbewurking op. Begjin april moat it wurk begjinne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)