Thialf yn film nei Noarsk boek?

23 feb 2005 - 10:13

It iisstadion Thialf op it Hearrenfean wurdt mooglik in lokaasje yn in film dy't in Nederlânske produsint meitsje wol, nei it Noarske boek Krig!

It boek giet oer in oarloch tusken Nederlân en Noarwegen. Dy ûntstiet at by it EK-reedriden yn Thialf in Noarske rider in Nederlanner ûnderúthellet en at de Nederlânske marine sûnder erch in Noarske fiskersboat besjit. De filmprodusint praat op it stuit mei Noarske kollega's oer syn plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)