Moaie peal pleatst yn Moaie Peal

23 feb 2005 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân

Nei 200 jier stiet der wer in moaie peal tusken Minnertsgea en Sint Jabik yn de gemeente It Bilt. Fan 1650 oant 1795 stiene der mear saneamde moaie peallen op It Bilt. Dy joegen it jachtgebiet oan fan Graaf Willem Frederik fan Nassau. Noch altyd wurdt it plak tusken Minnertsgea en Sint Jabik 'moaie peal' neamd.

De nije peal by Minnertsgea is tiisdei om te betinken dat presys 500 jier lyn de Middelsee droechlein waard.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)