Polityk Ljouwert foar kamera's

22 feb 2005 - 15:32

De Ljouwerter polityk hat gjin prinsipiële beswieren mear tsjin it ynstellen fan kameratafersjoch. Dat die moandei bliken by de behanneling fan de feiligensnota. De politike partijen wolle noch wol witte wat it kostet en hoe't it yn de praktyk wurket.

Boargemaster Dales fan Ljouwert sil yn oerlis mei de plysje antwurden sykje op de fragen. Dy plysje sels wol graach ekstra personiel om de kamerabylden konstant besjen te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)