Massale yninting beukers

22 feb 2005 - 14:37
Foto: Omrop Fryslân

Sawat 5000 Fryske beukers krije begjin maart in yninting tsjin kinkhoast. It giet om in ynhelslach om't sûnt ferline jier maaie gjin intstof mear beskikber wie.

De bern sille hieltyd op ien dei op ien lokaasje yn in gemeente in prik krije. Sa moatte der op 9 maart in lytse tûzen bern nei it FEC yn Ljouwert komme. It bart net sa faak dat beukers sa massaal tagelyk oproppen wurde foar in yninting.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)