Gjin stroomkabel oer de Flyhors

© Omrop Fryslân
Enerzjybedriuw Nuon mei gjin stroomkabel oanlizze ûnder de grûn fan militêr oefenterrein de Flyhors op Flylân. De Explosieven Opruimingsdienst seit dat dat te gefaarlik is. De grûn dêr sit fol mei net ûntplofte bommen en raketten. Der is gjin gefaar foar minsken, sizze gemeente en definsje.
Nuon woe in kabel oanlizze fan Texel nei Flylân, oer de Flyhors hinne. Dan kin it eilân de sintrale midden yn it doarp slute.