Jong Cambuur ferpletteret AGOVV

© Omrop Fryslân
It belofteteam fan Cambuur hie moandei hielendal gjin muoite mei jong AGOVV. Troch goals fan Ruben Schaken (twa kear), Ronald Bekema (twa kear) en in prachtig ôfstansskot fan Ronald Herder waard de ploech út Apeldoorn mei 5-0 ferplettere.
Cambuur stiet nei dizze wedstriid twadde op de ranglist fan de earste divyzje A mei 25 punten. AZ stiet boppe oan mei 30 punten.