Thússoarch fia de kabel

© Omrop Fryslân
Kabelbedriuw Kabel Noord út Dokkum en Thuiszorg Het Friese Land ûndersykje de mooglikheden om yn hiel Fryslân thússoarch fia fideo-telefoan oan te bieden. In proef mei dit nije systeem yn Noardeast-Fryslân wie súksesfol. Sa'n 50 minsken ha der oan meidien.
Fia de kabel en in fideokamera boppe de tv koene de dielnimmers op elk momint fan de dei kontakt opnimme mei de thússoarchsintrale, mar ek mei famylje en kunde.