Himpkwekerij oprôle

21 feb 2005 - 17:22

De plysje hat sneintemiddei in himpkwekerij oprôle yn in wenning oan de Keizerskroon yn Ljouwert. By de plysje wiene ferskate klachten binnen kaam oer in marihuanalucht. Yn de wenning trof plysje goed 250 himpplanten oan. Ek waard der apparatuer fûn om himp mei te kweken.

De plysje hat alles yn beslach nommen. In Ljouwerter (49) en in man fan 40 jier út Berltsum krigen proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)