Dales op stap yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Boargemaster Geert Dales fan Ljouwert hat de hiele nacht op stap west, om better mei de stêd yn de kunde te kommen, en dat is him goed befallen. Dales gie yn de nacht nei snein nei ferskate kafees, diskoteken en coffeeshops en dêrnei nei in afterparty.
Dales brocht ek noch besites oan de Weaze en oan de dakleazen fan De Terp. Hy wol yn it sintrum kameratafersjoch ynfiere. Dizze stapnacht hat dat idee noch mear fersterke.