Ferlies foar SC Hearrenfean
SC Hearrenfean hat sneintemiddei op sportpark De Vijverberg yn Doetinchem mei 2-1 ferlern fan De Graafschap. Van Beukering sette de thúsploech nei rêst op 1-0. Ynfaller Yuri Rose makke gelyk foar de Friezen.
Troch in flater fan doelman Brian Vandenbussche kaam De Graafschap fia opnij Van Beukering op 2-1. By dizze wedstriid wiene 11.500 taskôgers oanwêzich.