Skea oanrjochte yn fakânsjepark

20 feb 2005 - 16:35
Foto: Omrop Fryslân

In groep fan alve Fryske manlju is sneon troch de plysje fan bêd helle yn in Drints fakânsjepark yn Dalen. De manlju, fan 21 oant 26 jier, hiene in grutte ravaazje oanrjochte yn de twa fakânsjebungalows dêr't se ferbleaunen.

Bierfleskes wiene stikkensmiten tsjin de muorren, der wie in brânblusser leechspuite en de televyzje en magnetron wiene fernield. De manlju ha in skeafergoeding betelle fan 1500 euro.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)