Undersyk nei MFC yn Warns

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Nijefurd wolle in sa grut mooglik multyfunksjoneel sintrum yn Warns. Twa bedriuwen ha in helberheidsûndersyk dien nei fjouwer mooglikheden foar sa'n sintrum.
Yn de opsje dêr't it kolleezje foar kiest, is plak foar beide skoallen út it doarp, in sportseal en in pjutteboartersplak. De totale nijbou moat 2,2 miljoen euro kostje. De riedskommisje praat tiisdei oer it plan.