Sven Kramer wint 1500 meter

20 feb 2005 - 14:00

Sven Kramer fan Aldskoat hat sneon by it WK-junioaren yn Seinäjoki yn Finlân de 1500 meter op syn namme skreaun. Syn tiid wie 1.53,72. Hy stiet boppe-oan yn it klassemint. Twad op de 1500 meter waard Dennis Morrison út Canada en tred Michael Katee út Nederlân.

Morrison stiet no op in twadde plak yn it klassemint en de Nederlânske Wouter Olde Heuvel stiet tred. Snein stiet noch de 5 kilometer op it programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)