Sint Piter oankaam yn Grou

© Omrop Fryslân
Sint Piter is sneon wer oankaam yn Grou. De kaai stie grôtfol mei bern doe't de hillige man en syn swarte Pyt fan de boat stapten by hotel Oostergo. De 'broer fan Sinteklaas' fiert syn jierdei op 21 febrewaris. Sint Piter hat mar ien Pyt by him en rydt op in Frysk hynder.
De Sint Pitertradysje libbet inkeld noch yn Grou. It wettersportdoarp wie fan âlds isolearre, sadat gebrûken en gewoantes langer behâlden bleaunen.