Tsjerke Wergea: koepel werom

© Omrop Fryslân
De koepel fan de Fermanjetsjerke yn Wergea is sneon weromset op it folslein restaurearre kasko fan de tsjerke. Mei de pleatsing fan de koepel is de opknapbeurt fan 1,2 miljoen euro offisjeel klear. De tsjerke is omboud ta appartemintekompleks en jout no plak oan acht wenten. Twa dêrfan binne al ferkocht. Stadsherstel Ljouwert hat it inisjatyf en it finansjele risiko droegen foar de restauraasje.