Wieteke Cramer alfde op 3 km
Wieteke Cramer is sneon by de WB-wedstriden op It Hearrenfean alfde wurden op de 3000 meter. Har tiid wie 4.21,21. De Dútske Claudia Pechstein waard earste op dy ôfstân yn in tiid fan 4.05,09. Se bleau Cindy Klassen (4.07,25) en Daniela Anschütz (4.07,94) rûm foar.
Moniek Kleinsman kaam ta in tiid fan 4.08,01 en wie dêrmei fjirde en de bêste Nederlânske.