Cramer nei WK ôfstannen Inzell

19 feb 2005 - 16:21

Wieteke Cramer is freed alfde wurden op de 1500 meter foar de froulju by de WB-finales yn Thialf. Cindy Klassen waard earste op dy ôfstân yn 1.56,02. Dat is in nij baanrekord. Anni Friesinger melde har flak foar de start fan de 1500 meter ôf om't se lêst hie fan har tean.

Wieteke Cramer hat har tegearre mei Barbara de Loor en Renate Groenewold pleatst foar de WK ôfstannen oer twa wike yn Inzell.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)