Dieven strune klaaikeamers ôf

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne fiif jongeren oppakt foar stellerij út klaaikeamers. Dêr binne mobile telefoans, skuon, kaaien, jassen en identiteitsbewizen stellen. De oanhâlden jongeren komme benammen út de Ljouwerter wyk Bilgaard.
De plysje wit no fan 35 konkrekte gefallen fan stellerij, mar nei alle gedachten is net yn alle gefallen oanjefte dien. Twa fan de fiif fertochten sitte noch fêst. Sy binne allebeide fjirtjin jier âld.