Priis foar help oan handikapte

© Omrop Fryslân
De frijwilligerspriis fan sikefûns De Friesland is útrikt oan Propsma fan Bûtenpost. Hy nimt al trettjin jier in ferstanlik handikapte mei nei Cambuur- wedstriden. De Els Veder-Smitpriis wurdt om it jier útrikt oan in frijwilliger of oan in mantelsoarger. It bedrach fan 5000 euro jout Propsma oan in goed doel. De oanmoedigingspriis gie nei it stipeprojekt Fawaka foar jonge mantelsoargers.