'Flinterdei' yn Snits

© Omrop Fryslân
Hast 8000 bern fan basisskoallen yn Súdwest-Fryslân wurde útnoege om op 28 april mei te dwaan oan in 'Flinterdei' yn Snits. Op it Martiniplein wurde dan allegear flinters skildere.
Mei dit evenemint wolle de skoallen, it sintrum foar de keunsten en Snitser keunstners har kultuernetwurk foar it ljocht bringe. De skilderijen sille in dei letter eksposearre wurde yn de feemerkhallen yn Snits. De skoallen binne freed mei in brief útnoege.