Supermerken De Jouwer ferhúzje

19 feb 2005 - 13:02

De gemeente Skarsterlân wol dat de supermerken yn it sintrum fan de Jouwer ferhúzje. De Aldi oan de Merk moat by de oare Aldi yn it plak ynlûke. Sa is der romte foar in nije supermerk. Dy C1000 soe oan de Borgerstraat, yn it gebou fan in meubelsaak komme moatte.

Oer de supermerken op 'e Jouwer bestiet al langer diskusje. Op dit stuit binne der seis supermerken. De measte middenstanners wolle net dat der mear bykomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)