Oplossing moardsaken tichtby
De plysje liket tichtby de oplossing fan twa moardsaken. Tongersdei binne yn Ljouwert twa jonges fan 17 en 18 út dat plak oanhâlden. De twa wurde, tegearre mei in earder oanhâlden jonge(19), fertocht fan it oerfallen en ombringen fan kafeebaas Johan de Jong.
Foar de moard op merkkeapman Libbe de Jong binne trije fertochten oppakt. It giet om in frou fan 31 út Ljouwert en in man fan 30 út datselde plak.