Stoflik omskot fûn yn Ljouwert

19 feb 2005 - 12:27
Foto: Omrop Fryslân

Yn it sintrum fan Ljouwert is freedtemiddei it stoflik omskot fan in 69-jierige Ljouwerter fûn. De man wie al in pear wiken net sjoen en dat foel op.

De brânwacht en de plysje hawwe dêrom freedtemiddei aksje ûndernaam en fûnen it lichem fan de man yn syn wenning yn de Sint Jacobsstrjitte. De plysje giet net út fan in misdriuw.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)