Oaljeskermen om sinkend skip

19 feb 2005 - 09:38

De brânwacht hat freed skermen pleatst om in sinkend skip yn it Nieuwekanaal yn Ljouwert. It tweintich meter lange skip wie nachts begûn te sinken. Dat komt omdat it skip yn minne steat is. Ut it skip streamt oalje.

Om foar te kommen dat de oalje him ferspried yn it kanaal, binne der skermen pleatst. Nei it wykein wurdt besjoen wat der fierder mei it skip gebeure moat. De skipfeart kin wol gewoan oer it Nieuwekanaal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)