Tal wurkleazen nei ûnderen

© Omrop Fryslân
De wurkleazens yn Fryslân is foar it earst sûnt novimber 2001 nei ûnderen gien. It persintaazje wurkleazen leit op dit stuit 1,6 prosint leger as ein 2001. Dat docht bliken út sifers fan it CWI, it Centrum voor Werk en Inkomen. Under oare administratyf personiel, boufakkers en meiwurkers yn de lânbou kinne wer makliker oan in baan komme.
Yn fergelyk mei de rest fan it Noarden docht Fryslân it goed. Yn Grinslân en Drinte bleau it tal wurkleazen gelyk.