Plysje pakt 3 himpkwekers

Himpkwekerij © ANP
De plysje hat woansdei trije lytse hennepkwekerijen oprôle yn Ljouwert. Op de Hoeksterpoort waarden 113 plantsjes fûn. De stroom foar dizze hennepkwekerij waard illegaal ôftape. De plysje hat ien fertochte oanhâlden. In twadde hennepkwekerij waard fûn oan de Gealannen. Ek hjir waard in fertochte oanhâlden. Op de Roptastate wie de hennepkwekerij al net mear yn wurking, mar dochs hat de plysje ek hjir inkele fertochten oanhâlden foar neier ûndersyk, sa meldt de plysje op Twitter.