Fiskstreupers betrape by Langwar

18 feb 2005 - 17:11

It fiskstreuperijteam fan de plysje hat tongersdei op de Langwarder Wielen twa fiskstreupers oanhâlden. De manlju út Snits fisken mei in steand net op snoekbears, wylst dat ferbean is. De 65 kilo fisk dy't se fongen hiene, is yn beslach naam. Dat jildt ek foar it net en de motor fan de boat.

De plysje kin de lêste tiid hieltyd faker fiskstreupers oanhâlde, omdat it tal tips tanimt. Ek de Snitsers koene troch in tip betrape wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)