Jachtwerf Jirnsum wreidet út

18 feb 2005 - 15:54

Jachtwerf Boarnstream yn Jirnsum wurdt oant 2007 flink úwreide. Dêrmei giet de kapasiteit fan 15 nei 25 skippen yn it jier. De jachtwerf hat de eardere werven fan Visser oan it PM-kanaal oankocht. Dy loadsen wurde sloopt.

Op it plak komme in nije hal, in winterberging, in wetterhal, in bûtenstalling en in nij kantoar. De kapasiteit fan de jachthaven giet fan 140 nei 200 lisplakken. De útwreiding betsjut in ynvestearing fan 4 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)