Nije dirigint foar Soli Brass

18 feb 2005 - 13:52

Brassband Soli Brass út Ljouwert krijt in nije dirigint. Piet Visser makket plak foar Frans-Aert Burghgraef. Dy is op dit stuit al aktyf by de brassbands De Lofklank út Oerterp en De Bazuin út de Rottefalle.

De wiksel is nedich, omdat it bestjoer fan de brassband in oare koers farre wol as Visser. Yn goed oerlis is dêrom besletten foar in oare dirigint te kiezen. Visser hat trije-en-in-heal jier aktyf west foar Soli Brass.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)