Flylân betinkt Ingelsen

© Omrop Fryslân
Flylân betinkt dit jier op bysûndere wize de befrijing. It eilân waard as lêste gemeente fan Nederlân befrijde, op 27, 28 en 29 maaie. Foar dy dagen is in apart programma organisearre.
Sa wurdt der in monumint ûntbleate foar de bemanning fan in Ingelske bommewerper. Dat fleantúch stoarte op 23 maart 1945 yn de dunen del. Ien fan de bemanningsleden oerlibbe it. De slachtoffers lizze op it eilân begroeven.