Soarchorganisaasje Yunio oernaam

© Omrop Fryslân
De thússoarchorganisaasje Yunio, mei in festiging yn Ljouwert, is oernaam foar mar ien euro. De 300 meiwurkers en de ûngefear 500 klanten gean nei SamenZorg yn Ljouwert en Zorggarant op it Hearrenfean.
Yunio ferliende thússoarch en kreamsoarch yn Fryslân en yn de rest fan Noard Nederlân. De organisaasje kaam yn problemen, ûnderoaren omdat in wichtige erkenning foar de thússoarch net binnenhelle waard.