Skot yn moardsaak Nijlân
De plysje ferwachtet ynkoarten mear fertochten oan te hâlden dy't mooglik belutsen west ha by de dea fan kafeebaas De Jong fan kafee Nijlân yn Ljouwert. In 19-jierrige Ljouwerter dy't fêstsit foar belutsenheid by de saak, bliuwt noch twa wiken fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei bepaald.
Yn de auto fan de man hat de plysje spoaren fûn dy't ûndersocht wurde troch it Nederlands Forensisch Instituut.
Trefwurden:
argyf