'Surveillânse better as kamera'

© Omrop Fryslân
Kameratafersjoch yn de binnenstêd fan Ljouwert moat net samar ynfierd wurde omdat minsken har dêrtroch feiliger fiele. Der moat ek goed útsocht wurde at de kamera's wol helpe. Dat fynt de Ljouwerter gemeenteriedsfraksje fan PAL/GrienLinks.
Boargemaster en wethâlders wolle in proef hâlde mei kameratafersjoch yn Ljouwert. De fraksje fan PAL/GrienLinks seit dat plysje-surveillânse mear helpt as kamera-tafersjoch.