Trapearre mei pistoal

18 feb 2005 - 05:57

Yn Ljouwert is in man op ferbean wapenbesit trapearre yn de Nauwestege yn it sintrum fan de stêd. Tsjûgen hiene sjoen dat de man rinnendeweis in pistoal delsmiet yn 'e stege. Doe't er de plysje seach, naaide er gau út. By de Weaze is de man oanhâlden.

Bliken die, dat it om in 33-jierrige Rotterdammer giet. It fjoerwapen is yn beslach nommen. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)