Tipline sponsort fuotballers

© Omrop Fryslân
Meld Misdaad Anoniem sil yn ruil foar de ynternetdomeinnamme www.meldmisdaadanoniem.nl de fuotballers fan VV Dronryp sponsorje. In spiler út it earste team hat by de yntroduksje fan it meldpunt de domeinnamme claimd. Mar it meldpunt wol de namme sels ha foar syn ynternetside.
VV Dronryp krijt fergees nije sporttassen. Yn ruil dêrfoar krijt de stifting M, de organisaasje achter it meldpunt, de ynternetdomeinnamme.