Oerwinning Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur helle freedtejûn in maklike oerwinning tsjin MVV. It waard 2-0 foar de Ljouwerters. De doelpunten wiene fan Thijs Houwing yn de earste helte en fan oanfierder Koen Brack yn de 70ste minút.
By Cambuur stie Ale Geert de Vries op'e goal. Earste keeper Peter van der Vlag hie de gryp. De Vries hie it net drok omdat MVV oanfallend gjin macht hie. Yn de 3e perioade hat Cambuur ien punt minder as Heracles.