Huntelaar en Bruggink wer fit

© Omrop Fryslân
Hearrenfean spilet tongersdei tsjin Newcastle United mei Huntelaar en Bruggink yn de basis. Huntelaar wie de ôfrûne wedstriden net beskikber, omdat er lêst fan 'e ljisk hie. Bruggink hie lêst fan de gryp.
Hearrenfean sil tongersdei foar it earst de nije Súd-tribune brûke. Dêrtroch kinne 19.500 minsken it duel sjen. De wedstriid is live te hearren by Omrop Fryslân Radio. De útsjoering begjint om healwei njoggenen.